It jier is hast alwer om, Sinteklaas is wer yn Easterein oankommen en as jim dit lêze stiet de krystbeam al hast wer op it einehokje.
De gemeente hat dit jier in soad regels foar it karbit sjitten, se stean hjir efkes op in rigje:
- Yn Easterein meie je allinich karbit sjitte by de Hofsleane. At je op in oar plat wolle moatte je dit oanfreegje en je moatte tastemming ha fan’e eigner fan’e grûn. De gemeente besjocht it dan mei de plysje en de brânwacht.
- At minsken / groepen karbit sjitte wolle, moat dit foar 12 desimber melden wurde by de gemeente. Binne der mear minsken / groepen dan is it “Wie het eerst komt, wie het eerst maalt “.
- Is der gjin melding dien as hâld je je net oan’e rigels dan kinnen der boetes útdielt wurde en it spul kin yn beslach nommen wurde.
- Nei âld en nij moat alles opromme wurde, dit wurdt troch de gemeente kontroleare
Klein leed sa as losse stoeptegels ed. kinne jim sels melde bij de gemeente!
Wij winskje alle ynwenners fan Easterein alfêst goede krystdagen ta en in lokkich 2012!
Gerlof, Tineke, Silvia, Marcel, Hendrik, Greet en Grietje
Aginda desimber
Freed 9 desimber Krystmerk Winterwille 15.00 oant 21.00 oere
Sneon 10 desimber Opheljen âld papier
Woansdei 14 desimber Bestjoersgearkomste Doarpsbelang
Foar opjefte foar de doarpsaginda kinne jo terjochte bij Grietje Jorritsma de Singel 8 till; 332683 of grietje.strikwerda@home.nl