Ofrûne freed, 10 febrewaris wie der foar it earst sûnt sa’n 15 jier wer in hurdriderij op redens yn Easterein. Twa jier lyn hie it bestjoer fan Doarpsbelang al in draaiboek yn elkoar setten, mar it iis wie doe net sterk genôch om de striid troch gean te litten.
Moandei hat it bestjoer bijelkoar west om’t de kans op in riderij der no wol yn siet. Freed wie it safier! De opjefte foar de riderij gong earst noch net sa hurd, mar dochs hat it bestjoer besletten om it troch gean te litten.
Sa’n 32 riders kamen oan de start, op de 60 meter baan moast twa kear tsjin elkoar riden wurde. Der waard riden yn twa klassen, mannen en froulju.
Bij de mannen wie de earste priis foar Klaas Kamstra en de twadde foar Hille Meijer. De tredde prizen wiene foar Jan-Simon Jelsma en Eddy de Boer.
Bij de froulju gong de earste priis nei Marijke de Boer en de twadde nei Arjanna Schaafsma. De tredde prizen gongen nei Petra Jellema en Minke Twijnstra.
Alle winners krigen in prachtige medalje mei nei hús.
Al mei al wie it in grut sukses, in soad striid tusken de dielnimmers, in soad publiek, de koek en zopie en de prachtige ljochtsjes op de Skippersbuorren makken it in barren om net gau te ferjitten!
Hjir bij wolle wij alle dielnimmers en frijwilligers tige tanksizze foar jim meiwurking! As it oar jier wer sa fier komt, dan giet it wer oan!