Meld jimme oan foar de doarpsbarbecue op freed 24 augustus

Ein augustus fiert Skoalleseize har 25-jierrich bestean. Doarpsbelang organisearret foar dit jubileum in feestlike doarpsbarbecue. Komme jo ek nei dizze gesellige doarpsjûn? Jo binne fan herte wolkom!

Wannear? freed 24 augustus fan 18.00 oere ôf. Letter op de jûn is der ek live musyk.

Wêr? De barbecue is op sportkompleks de Skoalleseize.

De kosten binne foar grutten € 10,00 en foar bern € 5,00 per persoan. Dit is foar fleis, stokbôle, salades en sauskes. Dy jûn krije jo per persoan in fleispakketsje. Drankjes binne foar eigen rekken te keap oan de bar.

Oanmelde kin oant 1 augustus by Grietje Jorritsma op de Singel 8 of by Greet Jorritsma op de Fabrykswei 9. Nim dan ek it totaalbedrach kontant mei. Graach oant de 24ste!