Nijs fan doarpsbelang (oktober 2012)

Op 24 augustus wie de doarpsbarbecue. Sa’n 170 Eastereiners ha hjir oan meidien. Neffens ús is it tige slagge en hat eltsenien lekker iten. Wy wiene tige bliid mei safolle dielname!

Op tiisdei 27 novimber komme Boargemaster en Wethâlders op besite nei Easterein. As jimme noch in fraach hawwe dy’t wy oan har stelle moatte, dan graach melde by Grietje.

De doarpsfisy is oanbean oan de gemeente troch in delegaasje fan Doarpsbelang, dizze waard goed ûntfongen en der is ús fersekere dat de gemeente der mei oan de slach sil. Ek doarpsbelang hat de fisy alle moannen op de aginda.

De wurkgroep fan de wenfisy is al in pear kear by elkoar west. Wy hoopje dêr yn koarten wat mear oer te fertellen.

In soad Eastereiners dy’t bûten it doarp wenje, krije faak gjin post. Foar útnoegings foar gearkomsten en sa is it wol wichtich dat it ek dêr rûn brocht wurdt. Hjirby in fersyk om dêr efkes ekstra omtinken oan te jaan.