Jubilea by Wilhelmina!

It is moandei te jûn. De jûn dêr’t wer in ploechje Eastereinders ôfset nei de Skoalleseize.
Koffer op ‘e rêch, tas mei muzyk yn ‘e hân of oer it skouder. Moandei te jûn, de jûn fan Wilhelmina.

Wilhelmina, it korps fan Easterein. It korps wat yn 1898 oprjochte is en dus dit jier mar leafst 115 jier bestiet! In korps wat in begrip is yn de regio. En dat docht bliken út dat mar leafst de helte fan de leden út saneamde bûtenleden bestiet. Want wa wol der no net by Wilhelmina blaze dy’t leafde foar de korpsmuzyk hat?Yn de prizenkast binne bysûndere earste prizen te finen. Witte jo it noch? Yn 2005 wrâldkampioen. En dit jier sette se yn july op ‘e nij ôf nei it wrâldkampioenskip yn Kerkrade. Soe it harren wer lukke?

Mar ek in begrip om harren ynset, de waarmte foar elkoar en de leafde foar muzyk. En dat docht wer bliken út de ledentrouw.
Net samar efkes lid, mar hast lid foar it libben.

Moandei te jûn, 18 febrewaris. Gjin koffer op ‘e rêch, gjin muzyk oer it skouder. Mar wol op nei de Skoalleseize. Jûn is der ledengearkomste. Hast alle Wilhelmyntsjes binne  oanwêzich. Wat soe de foarsitter dit jier foar ús yn petto hawwe?

2013; 115 jier Wilhelmina. Mar ek it jier dat wy 3 leden fan herte lokwinskje meie mei harren jubileum. Al 25 jier lid fan Wilhelmina! Wilma Overal, Tineke Meijer en Doutsje Brouwer. Fan herte lokwinske fruolju. Wy hoopje dat jimme noch 25 jier by ús bliuwe meie!

De kommende tiid is it korps drok dwaande mei de tariedings foar it ‘WMC — Wereld Muziek Concours’. Wy litte efkes wat minder fan ús hearre. Foar ús konsertaginda besykje dan de webside.