troch Yvonne van Beem
It ferskil tusken Nederlân en Burkina Faso is net better sichtber as yn de strjitten fan Ouagadougou, de haadstêd fan it lân. Rigels binne der net en it tilt op fan de brommers en auto’s die by ús allinnich noch mar yn in museum te sjen binne. Oan it wurd is Gerben Kooistra, hy is tegearre mei syn heit Klaas en frou Froukje en syn sus Jildau op besite west by syn broer Karst en syn gesin yn de, op ien nei, grutste stêd fan Burkina Faso, neamt Bobo Dioulasso. De reden fan dizze besite wie om te sjen wat Karst der allegearre by it ein hat. Fia ynternet is in soad te folgjen mar om in kear yn it echt te sjen wat der bart is fansels folle moaier. De reis is begjin jannewaris 2013 makke.Lês fierder –>
Wat docht Karst krekt yn Afrika?
Karst hat der, mei behelp fan in Dúts bedriuw en ûntwikkelingshelp fiif fabriken opsetten dy biologyske teelde cashewnúten ferbouwe en ferwurkje. Hy is hjir yn Nederlân mei begûn(2006) en gong dan yn it begjin eltse moanne in wike derhinne. Mar hy kaam der achter dat as hy fuort wie en der wie in probleem dan wachte men oant hy der wer wie. Dat wurke dus net. As je echt wat wolle der dan moatte je der ek wenje. Karst en Herma (syn frou) ha doe besletten om mei harren trije lytse bern nei Burkina Faso te ferhûzjen.
De earste fabryk kaam in Bérégadougou, in lytse mienskip wer minsken yn rûne rieten hutsjes wenje, echt it Afrika sa as je dat fan tillevyzjes kinne. De minsken binne tige wiis mei dizze ûntwikkelings want it soarget foar in soad wurkgelegenheid. De minsken der ha no mear jild om hannen en dat is al sichtber opstrjitte: bettere klean, mear brommers, mobile telefoan.
Foarhinne waard der eins neat mei de núten dien. De merke lei as it ware noch hielendal iepen. No wurde de núten gesamenlijk opbrocht troch boeren dy’t ûnderdiel binne fan in koöperaasje.
Op dizze manier krije de boeren jild foar de núten en kinne de froulju ek noch oan it wurk yn de fabryk. Goed 600 gesinnen kinne hjir no fan leve. De núten wurde yn grutte pûden ferpakt en eksporteert nei Dútslân, der wurdt it ferkocht fia in biologyske keten (Morgenland).
Neist eltse cashewnúten fabryk stiet ek in mango fabryk. De núten binnen in seizoenprodukt en as de ferwurking derfan klear is kinne de mango’s droege wurde en sa ek eksporteert wurde nei Dútslân.
Hoe fynst it om dyn broer der sa oan it wurk te sjen?
Karst is der “de man”. Hiel bysûnder om dat te sjen. As hy bygelyks yn de fabryk komt is er fuort it middelpunt fan de belangstelling. Elts wol wat fan him.
“Van alle markten thuis”
De earste fabryk die stiet yn Bérégadougou en wurdt steeds mear ûntdekt troch bûtenlânske bedriuwen die graach efkes sjen wolle hoe as it der giet. No is it tichtstbysteand hotel minstens in heal oere riden. Karst is derom no ek noch besich om in akkomodaasje te bouwen yn dat doarpke sadat je der ek sliepe kinne. Seis hutsjes yn de stiel fan it doarp mei komfort sa as wy went binne. It ûntwerp hat der makke mei syn bern! In tige nijsgjirrich projekt.
Derneist hat der noch in stik lân wer ananas teelt wurdt en is der besich mei in plan om leararen te krijen foar al dy skoallen dy, faaks troch ûntwikkelingshelp bout binne, mar no net brûkt wurde omdat der gjin jild as goed plan foar is om de skoallen echt op te starten.
Ik (Yvonne) moat sizze dat ik dit allegearre hiel ynspirearjend fyn wat Karst by it ein hat en merk dat ik der suver enthousiast fan wurdt! Wurde jo dat no ek en wolle je folle mear der fan witte dan binne ûndersteande links wol de muoite wurdich om ris te besjen.
ynformaasje oer de akkomodaasje
Yvonne van Beem
Burkino Faso: wer leit dat ek alwêr?