Muziekboerderij presenteert

Snein 7 april sil “muziekboerderij presenteert” yn Noflik Easterein foar it lest dit seizoen 3 bands oan jim presentearje dy’t  oefenje yn de muzykbuorkery yn Boalsert. Dit kear binne it Jackel Jack, 45 Hightstraat en Cygnus.Mei Jackel Jack komme 3 freonen dy’t genietsje fan it musiek meitsje en dat is werwerom te hearren op it podium.De band 45 Hightstraat spille foar it earst op Heamiel yn 1998. Se spilje stevige rock mei in eigen lûd.Eigen nummers en izersterke covers fan û.o. John Cougar, Mellencamp, Bob Seger, Jeff Healy en Deep Purple sille se foar jim spylje.De tredde band is Cynus. De frisse fryske ferassing dy’t alde klassiekers spylje fan Jimi Hendrix, Eric Clapton en AC/DC.

De tagong is ek dit kear fergees en it begjint om snein om 16.00 oere