De gemeente Súdwest Fryslân hat it belied dat der twatalige plaknammebuorden binne mei de Nederlânsktalige namme boppeoan. As de weryndieling trochgiet, soe dat betsjutte kinne dat Easterein wer Oosterend wurdt en dat ek boppeoan stiet op it plaknammeboerd. Wat fine jimme dêr fan? Lit dyn stim heare fia de poll yn de rjochterkolom fan dizze website.
Neiberjocht (23 maaie 2013): Der kin net mear stimd wurde op de poll. Besjoch fia dizze link de útslach.