Maatskiplike staazje yn eigen doarp? Dat kin by gymnastykferiening O.D.I.!
Op moandeitemiddei hawwe 2 groepen jeugd les yn de sporthal van 16.00 – 17.00 oere en fan 17.00 – 18.00 oere. Dat binne bern fan 4 oant ûngefear 9 jier.
O.D.I. kin foar it nije seizoen 2013 – 2014 noch wol in pear ekstra assistinten derby brûke om te helpen tidens de lessen. Foar wa’t it aardich fynt, is der sels de mooglikheid om de oplieding foar gymnastykassistint fan de KNGU te folgjen.
Hoechst gjin maatskiplike staazje te rinnen, mar liket it dy gewoan aardich om te dwaan? Dan kin fansels ek.
Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Geertje Twijnstra, till. (0515) 33 11 18 of fia de mail: getwijnstra@live.nl
Klik hjir om de flyer te besjen