(binnenkommen fia de tiplijn)
De Schuttevaerrace is in byûnder sportevenemint. Silers, hurdrinners en fytsers mjitte in pear dagen lang harren krêften. In Eastereiner en in Wommelser steane op de dielnimmerslist fan de Schuttevaerrace. Durk Jorrit van der Eems docht mei as skipper en Tsjeard Hofstra as rinner (yn itselde team). De start is op freed 7 juny yn Starum en dan wurdt der in non-stop trajekt ôflein fia Koarnwertersân, Texel, Flylân, Harns en Skylge en dan wer werom nei Starum. De dielnimmers komme tusken sneontejûn 8 juny en sneintemoarn 9 juny wer yn Startum oan.
Op Texel fytse de fytsers in tiidrit fan 60 km. Op Flylân drave de hurdinners sa’n 18 km en yn Harns is der foar de fytsers in twadde tiidrit van 69 km. OP Skylge drave de hurdrinners wer 12 km. En tuskentroch wurdt der fansels hieltyd syld.
Besjoch de dielnimmerslist hjir. Under de wedstryd kinne wy de dielnimmers folgje mei saneamde ‘Track & Trace’. Súkses mannen!