Freedtejûn 7 juny om 19.30 oere is it safier. Marije Brouwer sil mei har eigen skreaune tekst “Fyn dyn eigen wei”, op e musiek fan “Keep your head up” fan Ben Howerd meidwaan oan it frysktalige sjongfestifal foar bern fan 12 oant 18 jier. Tusken de audysjes en de finale is der hiel wat bard. Sa hat Marije live songen by it radioprogramma Noarderwyn op Omrop Fryslan wat jim HJIR sjen kinne en hat se in ûtnoeging krigen om te sjongen foar har eigen doarp op Easterein Rocks op woansdeitejûn mei de doarpsfeesten.
De organisaasje fan SjONG ropt foar dizze seisde edysje fan SjONG ek in wikselpriis yn it libben: de Johan Bloem Bokaal.
Johan Bloem (1954-2012) wie ûnderwiisadviseur foar it fuortset ûnderwiis by Cedin en naam yn 2007 it inisjatyf foar SjONG. As muzykleafhawwer seach hy mooglikheden om jongeren te aktivearjen om moderne lieten yn it Frysk klinke te litten. Johan Bloem ferstoar yn 2012 oan kanker. SjONG wie yntusken in tradysje wurden. Reden genôch om by dizze edysje fan SjONG in wikselpriis yn it libben te roppen dy’t nei him ferneamd is.
Tenei sil de wikselbeker útrikt wurde oan de winner fan SjONG en te pronk stean op skoalle oant de folgjende SjONG. Kommende freed op 7 juny sil de Johan Bloem Bokaal foar de earste kear útrikt wurde. Wat soe it moai weze dat presentratrise fan sjong, Annemarije Bloem, dochter fan Johan Bloem en dosint Frysk fan Marije oan Bogerman Wommels dizze beker oan Marije oerhandigje mei.