(berjocht fan doarpsbelang Hâld Faesje)
Ofrûne jierren hawwe Marco Reijnhoudt en Gerrit Terpstra in sit hân yn de boarterstún-kommisje fan doarpsbelang. Sy soargen derfoar dat de 2 boarterstunen der altyd kreas byleine en de bern feilich boartsje koene. Marco en Gerrit hawwe no oanjûn dat se hjirmei ophâlde wolle. Mannen, tige tank foar al it wurk wat jimme al dy jierren dien hawwe !!!
Ynkoarten hopet doarpsbelang de nije leden fan de boarterstún-kommisje oan jimme foar te stellen.
.