[gdl_gallery title=”Skoalferlitters Foareker 2013″ width=”200″ height=”125″ ]
(Ast de foto’s oanklikst, kinst se yn in grutter formaat besjen)
Tiisdei 2 july wie de lêste skoaldei foar alle “skoalferlitters” fan de Foareker. We neame it “skoalferlitters” , want it binne net allinnich alle 16 bern fan groep 8, mar ek 2 fan groep 7!
Mei in protte kabaal binne se moarns troch it doarp west harren heare te litten om dernei by Noflik Easterein yn kajaks te stappen (wybelt al wat) en Easterein út te farren. En dat foel net altiid mei, mar we hiene der skitterjend waar by,dus dat koe net better! Om efkes ta rêst te kommen binne we ûnderweis in pear kear del strutsen yn in stik lân fan Kuiper om wat te baljen, eameljen, snobjen en drinken. Goed 12.00 oere binne we droech en wol wer oan wâl kommen. Middeis wiene de bern fry om harren ta te rieden foar de musical en it ôfskie.
Op de neimiddei efkes gesellich mei elkoar ite en toen koe it heve! De musical “Wat maak je menu” welke útfierd waard troch alle bern fan groep 7 en 8. Skitterjend útfierd en wat it ferrassende talinten!! Nei de musical hiene de meesters en juffen in pear spultsjes betocht foar alle bern en harren heiten en memmen werby it grutste elemint “gearwurkjen” wie, en dat falt net altiid mei…. 😉
De juffen ha oer alle bern wat ferteld wat se letter graach wol as net wurde wolle mei bypassende foto’s wat it protte hilariteit mei brocht by de bern , de “OEHH’s” “AAAhh’s” “ oohhhh,wat skattich” wiene sawat troch hiel it doarp te hearen!!
Al mei al in hiele moaie ôfslúter en dat betsjut : FAKANSJE!!!!
Skoalferlitters 2013 :
Groep 8: Sydrik Kooistra, Alien Dijkstra, Mirjam Punter, Jeljer Overal, Jelmer Bleeker, Mathijs vd Ende, Anna Orsel, Astrid Klein Swormink, Tjalling Tjalsma, Hendrik vd Eems, Julia Paauw, Magriet Jellema, Sarah Orsel, Rutger Wiersma, Karina Bonnema, Selma de Boer.
Groep 7: Rimmer Kamstra en Sytske Boomsma.