Glêstried foar Easterein: jimme help is nedich

Foar de takomst fan wenjen en wurkjen yn Easterein is glêstried (glasvezel) in belangryk ding. Allerhande tapassingen meitsje gebrûk fan ynternet en dat wurde der hieltyd mear. Soarch, ûnderwiis, bedriuwen, we binne hieltyd mear oanwiisd op digitale tsjinsten. Om’t is sa wichtich is, en der neat bart as wy neat dogge, hawwe we dyn help nedich. Dochst mei? It is in lytse muoite! Hoechst allinnich mar in formulier  (of kopiearje dit nei de url-balke yn dyn browser) : http://littenseradiel.opglas.nl/pcc/demand-aggregation.html?from=pcc) yn te foljen, en sitst nearne oan fêst.

 

Wêrom is glêstried sa wichtich?

Fansels wolle wy graach dat ús bern meigean bliuwe kinne mei de tiid. Skoallen meitsje hieltyd faker gebrûk fan digitale learmiddels. We wolle de foarsjennings yn Easterein op peil hâlde en it soe samar sa wêze kinne dat bygelyks de thússoarch aanst foar in part fia it ynternet rint (saneamde soarch op ôfstân). En foar bedriuwen is it hieltyd wichtiger op in stabile ynternetferbining brûke te kinnen.

Troch dat der hieltyd mear minsken mear dingen fia ynternet dogge, kin de kopertried it eins net mear oan. De kapasiteit dy’t nedich is foar ynternet, televyzje sjen en belje wurdt mei de dei grutter.

 

glasvezelHoe’st helpe kinst

En fansels wolle wy net achterbliuwe. Dêrom is de gemeente Littenseradiel in aksje starten foar glêstried yn Littenseradiel. Dêr is it foar nedich om oan te toanen dat der ferlet is fan glêstried. En sa as boargemaster Liemburg it sa moai sei: “ Ast de minsken doedestiids frege hiest oft se ferlet hiene fan elektrisiteit, dan hie elkenien sein dat it net nedich wie, de petroaljelampe wie genôch west.”

Helpe kin troch it ynfoljen fan www.littenseradiel.opglas.nl. En nee, sitst net daliks oan in abonnemint fêst, it giet der allinnich om dat we oanjouwe dat we it graach wolle.

Mear ynformaasje? Nim kontakt op mei de hear Johan Dijkstra, kontaktpersoon by de gemeente Littenseradiel of mei Silvia Hania.