(ynstjoerd troch Klaas Kooistra)
Út eardere berjochten sille in soad minsken noch witte dat âld Eastereinder Karst Kooistra yn Burkina Faso wennet mei frou en trije bern.
Hy hat der al frijwat opset en hat in in protte plannen en ideeen ; der binne blykber in protte mooglikheden foar minsken om wat te ûndernimmen, ek al liket it allegearre wol tige primityf.
As foarbyld : Karst hat yn 6 jier tiid in fabryks keten opset der’t no sa’n 2000 minsken wurkje en producten fan nochris 2500 boeren ferwurke wurde. Dertroch hawwe alle in hiel soad minsken no in geregeld ynkommen en kinne dertroch harren iten keapje. De producten wurde benammen yn Dútslân yn in supermarkt keten fan mear as 100 supermarkten ferkocht en foldogge oan de heechste biologyske kwaliteits easken.
Boppedat ha sy in doarpke boud dat fan bûten past yn it lân en bestiet út rune hutsjes mei in reiten tek, en fanbinnen “westers” ynrjochte binne.
Karst syn frou, Herma, is fédokter en begeleid der in tal bedriuwen mei. û.o. hinnehâlderij.
Hja hawwe noch in protte plannen, mar fine ek dat der mear minsken ynteressearre wurde kinne yn dit lân om der miskien in kear hinne te reizgjen, of om der saken mei te dwaan…
Derom wurdt der in foarljochtingsjûn organisearre op 2 september yn it doarpshûs “Oan it Far” te De Hommerts.
It begjint jûns om 8 oere.
Elk is fan herten wolkom.