Bermsleat fytspaad

Ien fan de moaiste dyken fan Fryslan, de Eastereiner dyk foar de Wommelsers en de Wommelserdyk foar de Eastereiners, wurdt op dit stuit troch de firma Okkema oanpakt. It kollege fan B&W hat besletten de bermsleat tusken dyk en fietspaad ticht te goaien om de dyk oan te passen oan it ferkear- en ferfiersplan fan de gemeente. De berm wurdt op dit stuit te faak brûkt wertroch gefaarlike spoorfoarming ûntstiet. De berm is ek te smel en hat te min steun. Nei it tichtgoaien bliuwt der in lyts gleufke oer.Neffens de gemeente wurdt it oansjen fan de dyk net skansearre. Litte we der mar op hoopje.