Brègekonsert “Wilhelmina”

Op moandei 2 septimber om 19.00 sil ùs korps Wilhelmina in brègekonsert jaan. Wilhelmina wol hjirmei oandacht jaan oan it behelje fan it vice wrâldkampioenskip yn de ôfdieling fanfare wat behelle is op it Wrâld musiek konkoers yn Kerkrade yn july j.l.

By de start fan it nije musiekseizoen wol Wilhelmina dit noch graach mei it doarp fiere mei in feestlik optreden op “De brège” by Noflik Easterein yn Easterein. KOM ALLEGEARRE lusterje om dit feesie mei Wilhelmina te fieren.