Tsjerkepaad 2013

De tsjerken stean yn it Fryske lânskip as beakens fan trou en hâld-fêst. Spitich genôch binne de doarren fan de measte tsjerken faak ticht. Útgeande fan de Ried fan Tsjerken yn Fryslân wurdt sûnt 2004 Tsjerkepaad hâlden, de iepenstelling fan tsjerken op sneon-temiddeis yn de simmer. It is in grut sukses wurden. Der binne no rom 250 tsjerken yn Fryslân dy ’t de doarren iepenje op sneontemiddeis. (fan 13.30 oant 17.00). Yn dizze tsjerken stean frijwilligers klear om te fertellen oer it gebou of oer de tsjerklike mienskip. Men kin hjir in momint fan rêst en besinning fine en yn de measte gefallen stiet de kofje klear. Kommende sneon is de Martinitsjerke foar it lest op sneontemiddei iepen foar tsjerkepaad. Dizze slotsneon wurd ôfslûten mei it mannekoar “zanglust” ût Linschoten. It mannenkoar sil in tsjerkepaadtour hâlde lâns 5 tsjerken werûnder de tsjerken fan Makkum, Kimswerd, Jorwerd, Easterein en tenslotte de Martinitsjerke fan Boalsert. Yn elke tserke sil san heal oere sjongen wurde. It koar is oprichten yn 1946 en bestiet no ût 51 leden yn de leeftiid fan 27 oant 81 jier en sjongt benammen a capella.