Nijs fan Fuort mar Los

– ynstjoerd troch Fuort mar los –

Nei in prachtige simmer binne wy as bestjoer en spilers alwer los mei de tariedings foar in nij stik.

In oantal saken koene we al regelje op de ledegearkomste yn april, sa as wa wol der meispylje en wa sil it saakje regissearje. Yn de simmer sels binne der in pear minsken dwaande west mei it lêzen fan stikken om sa te bepalen wat we foar jimme op de planken bringe. En no begjint it echte wurk, repetearje, fergaderje, oer it dekôr nei tinke, minsken foar lûd en ljocht sykje, kostuums regelje, ensfh.

Set dizze data mar fêst yn de aginda. De útfierings sille op 14 en 15 maart 2014 wêze. Ek sil der wer in matineefoarstelling holden wurde, dizze is op 8 maart, de middeis.

Dan noch in húshâldlike meidieling: mei de ledegearkomste ha we nei 5 jier ôfskied nommen fan ús bestjoerslid Paul de Bruin. Ype Tiemersma sil syn taken oernimme. Ek ha we fan Friek Kosse en Elisabeth Breeuwsma ôfskied nommen. Sy ha in jier de PR foar harren rekken nommen. De kommende 5 jier sil Yvonne van Beem dit dwaan.

Der is sûnt dit jier ek in jongereinkommisje dwaande om toaniel foar de jongerein op poaten te setten.  Baukje de Jong, Akke Veldman, Siebolt Bouma en Friek Kosse binne ôfrûne simmer dwaande west om bern entûsjast te meitsjen. En dat is slagge! Op  11 septimber binne de bern útein setten. Hjir kinne jimme letter dizze wike mear oer lêze op dizze site.

Sitte jimme dit stikje no te lêzen en ha jimme ek sin en nocht om mei te dwaan, twifelje dan net en lit it ús witte.

Dat kin wêze yn de foarm fan meiwurkje oan de bou fan it dekôr, assistearje by it lûd en/as ljocht, meispylje yn it ûntfangst-komité, lotsjes ferkeapje en neam mar op. Jimme kinne grif wat foar ús betekenje.

We dogge it sa earst mar. Letter mear nijs.

 

Bestjoer toanielferiening Fuort mar los,

Halbe, Petra, Karin, Ype en Yvonne