Taart mei kearskes foar jonge toanielspilers

jongereintoaniel

– ynstjoerd troch jeugdkommisje Fuort mar Los –

Hoera, wy binne los. Alve entûsjaste jongeren út Easterein, Itens en Rien hawwe harren  oanmelden foar it jongereintoaniel fan Fuort mar los. De earste les wie op 11 septimber:  hjir ha we spultsjes dien om mei elkoar yn ‘e kunde te kommen, ymprovisaasje-oefenings en in moardspul ûnder lieding fan regisseur Agatha Roozendaal. Nei de earste les is ien ding dúdlik: der is genôch talint!

jongereintoanielIt is foar ‘t earst dat der toaniel foar jongerein organisearre wurdt. En dat moast fansels ek fierd wurde. Neist in drankje foar elkenien, wie der ek in grutte taart mei kearskes. Mei it útblazen fan de kearskes en in taspraak fan Halbe Overal,  de foarsitter fan Fuort mar los, gong it earste seizoen fan it jongereintoaniel offisjeel fan start. Der komt fansels ek in toanielfoarstelling, dy’t spile wurd troch de jongerein sels: wat, wêr en wannear wurdt letter noch bekend makke.

De toaniellessen en repetysjes fine plak yn Noflik Easterein, sponsor fan it jongereintoaniel. De lessen en repetysjes binne op woansdei en duorje fan 18.30 oant 20.00 oere. Underwilens ha al mear jongeren harren oanmelden foar toaniel. Mar……  asto ek noch graach meidwaan wolst en do bist âlve jier as âlder? Dan kinsto dy noch opjaan, mar allinnich asto hiêl, hiêl, hiêl fluch bist. Meld dy oan by Akke Veldman: akke.veldman@ziggo.nl

 

Ut namme fan de jeugdkommisje fan Fuort mar los,

Akke Veldman