Gymnastiek op in hynder, Nynke fynt it moai wurk

Op  in moandeitejûn haw ik in ynterview mei Nynke van der Eems (11 jier) by har thûs.  We sille it hawwe oer har grutste hobby: voltige.  Har heit en mem binne de doar út en de broers sitte foar de televyzje dus we kinne los.

voltige (3)

Voltige wat hâldt dat krekt yn?
By voltige riden dogge je gymnastykoefeningen op in hynder. It hynder wurdt longeert (festhâlden oan in lang tou) troch ús juf en wielst it hynder draaft moatte wy der dan opspringen en ferskate oefeningen dwaan.

Dat liket my best wol spannend om op san grut hynder te springen wat oan it draven is. Moat je bygelyks ek sterk wêze om dit te dwaan?
Nee je hoege net hiel sterk te wêzen. Je dogge de oefeningen faaks ek mei mear tagelyk. Je helpe mekoar dan op it hynder te kommen.  As je lynich binne is wol handich en je moatte fertrouwen ha op de oaren mar foaral ek op it hynder.

Wat fynst der sa moai oan?

Je binne aktyf besich mei hynders, dat fyn ik moai. Ik kin twa kear yn de wike traine yn Koarnwert (manege Boeyenkamp) dat lukt net altyd mar we prebearre it wol.  We traine foar de ferskillende wedstriden die der binne. Ik haw ek al oan in pear mei dyn.

Hoe giet dat krekt?
In wedstriid bestiet út in kuur en in plicht. De kuur dogge je mei syn trijen en de plicht allinne.
De kuur kin yn meardere niveau’s, ûnder oaren Basis en A. Ik doch mei Mees en Kirsten mei yn de Basis. Nynke lit in aksje foto sjen fan de lêste wedstriid.  Se hat in moai pakje oan en it hier fêst.
Werom haw jim gjin kap op? In kap is net handich, fertelt Nynke. Je kinne mei de kap yn de manen fest komme te sitten by it op en ôf springen.

voltige (2)

En Hannette (pony fan Nynke) wurdt die ek wolris brûkt om te oefenen?
Soms prebear ik it wol mar Hannette is net echt geskikt foar voltige.  It hobbelt fierstente folle.

Hoe bist derby kaam om dit te dwaan? De measte bern geane op keatsen as gymnastyk….
Ik bin begjin dit jier in kear mei Sydrik Kooistra mei west om te sjen as it ek wat foar my wie en ik fun it drekst leuk. Sa is it kommen.  Ik bin wol ien fan de jongsten mar dat makket  my net út.

Is dit in sport wer asto noch wol in skoftke op bliuwe sist?
Dat wit ik net. Ik tink dat ik nei twa jier fest wer wat oars dwaan gean mar ik sjoch wol. Ik fyn it no noch fierstente leuk.
Tige tank en in soad wille mei dyn hobby!