Net allinich de stoarm hat ferline wike in soad skea feroarsake. Fernielings troch minsken feroarsaakt ek in soad skea en der is nimmen dy’t der wat oan hat. Op sportpark “de Skoalleseize is it ek wer rekke west. Op de klaaiboxen binne alle pipkes der ofreage en de dader leit fansels op it tsjerkehof. At der immen is dy’t wat sjoen hat of at der immen is dy’t wat sjocht wat net troch de beugel kin dan graach sa gau moglik in tillefoantsje nei ien fan de besjoersleden fan de Skoalleseize.