We hawwe berjocht krigen fan de gemeente oer feroaringen troch de oanpak fan it krúspunt Van Eysingaleane/Populierleane. . Der is in tekoart fan ûngefear 50 m2 betonstrjitstiennen foar it opnij straten fan it krúspunt. Dit komt troch dat der in soad knipferlies is fan de stiennen.
Dêrom is yn oerlis mei de oannimmer besluten om ûngefear 50m2 (10 meter rydbaan) op de Singel op it plak fan de trochstek fuort te heljen, om’t dit deselde stiennen binne as op it krúspunt. Fansels soarget de oannimmer foar it wer tichtstraten fan dat stik fan de Singel.