Skilderkring

Yn de Reinboge stie in moai stikje skreaun troch Jan Strikwerda, ik set it op de site sadat ek minsken dy dit boekje net krije it ek  lêze kinne:

Nee, in kursus is it net. Hoewol… We sitte yn in grutte kring om de tafel fan Ineke hinne. Oeral moai deiljocht. In tafel fol mei ferve en kwasten en linnen of kanvas en noch folle mear. In tafel fol. En wy der omhinne, twa oeren lang: drok mei ús skilderij. Fol konsintraasje, al it oare efkes ferjitte.

Dat skilderij. It groeit ûnder ús hannen, it wurdt moaier en moaier. Soms ek efkes NET: we sitte fêst, we krije de goede kleur mar net, hoe moast dat ek alwer mei dy skaadpartij? En we sjogge noch ris nei de sinneblom of it blauwe faaske, we sjogge noch better, wantt begjint tekenjen en skilderjen net mei GOED sjen en noch ris goed sjen? No dan! In túfke wyt of in pûpke swart (sitaat fan myn leraar tekenjen fan de Havo) dogge wûnders!

We ûntdekke by ússels, dat we net te bang wêze moatte om wat ferkeard te dwaan, wy ûntdekke ek, dat elk syn of har eigen stijl fan skilderjen hat. Wy ûntdekke sels dat we wol talint ha. We meitsje moaie dingen: hoe is sa’n sinneblom, sa’n leelje, sa’n hynsteblom wol net? De loft is noait in dei gelyk, de kleur fan it wetter ek net. Dat plaatsje, dat wolle we festhâlde! Wy ûntdekke, dat we sommige dingen net iens skilderje kinne, omdat se TE moai binne fan kleur. Te moai foar ús oaljeferve, te moai foar ús talint…..

en dat seit nochal wat!

Jan Strikwerda