Kommende snein útslieptsjinst om 13.00 oere

wekkerKommende snein 8 desimber is der wer in útslieptsjinst yn tsjerke.
Dizze foarm is twa jier lyn foar de jeugd betocht. Mar it docht bliken dat it ek gruttere groepen minsken oansprekt.
It binne foaral dy minsken dy’t net gauris yn tsjerke komme. It aardige is dast komme kinst wannear as it dy útkomt.

By de kofje om ûngefear 10.45 oere, by de brunch om 12 oere as by de tsjinst sels om 13 oere.
Om 13.30 oere is it wer dien.

Ek Qlassy is der snein wer by. It tema fan dizze snein is ‘Vol verwachting klopt ons hart’.
En dermei sitte we presys tusken Sinteklaas en Kryst yn.

Eltsenien is fan herte wolkom.