Nijs fan Fuort mar Los

toanielferiening fuort mar losynstjoerd troch Fuort mar Los

Der wurdt drok oefene foar de útfiering op 8, 14 en 15 maart 2014.

It stik hjit ‘De magnetron’. It giet oer Fokke, in man allinne, sûnder alle hjoeddeiske geriif fan masines en apparaten. Kontakt hat hy allinne mei de buorlju. Bûtensteanders fine it by him yn’e hûs in grutte binde, mar Fokke is der lokkich mei. De gemeente is lykwols fan betinken dat der wat oan dien wurde moat en stjoert in maatskiplik wurkster op ûndersyk út. It frommeske wit Fokke safier te krijen dat hy in wike by har yn’e húshâlding sil. Der moat him wat hygiëne en beskaving bybrocht wurde. In gruttere tsjinstelling as tusken it frije, rêstige, natuerlike libben fan Fokke en it fleanen en jachtsjen yn’e húshâlding fan de maatskiplik wurkster is der net te betinken. De útfanhûzerij mislearret dan ek folslein.

Fuort mar los docht dit jier mei oan de aksje Rabo ledesponsering. Jo kinne yn desimber op ús stimme fia http://www.rabobank.nl/particulieren/lokalebanken/sneek-zwf/ledenvoordeel/rabo_ledensponsoring/ Hjirmei stypje jo de toanielferiening.

Foar no winsket de spilersgroep, jong en âld, it bestjoer en de jongereinkommisje fan ‘Fuort mar los’  jimme in moaie desimbermoanne en foar 2014: FOLLE LOK & SEINE

Bestjoer toanielferiening Fuort mar los,

Halbe, Petra, Karin, Ype en Yvonne

Jongereinkommisje: Friek, Akke, Baukje en Siebolt