Elke freed traine der colorguards yn it Bogerman. Der sitte ek in stikmannich Eastereinder famkes op. Dizze colorguards hawwe de ôfrûne tiid 4 winterguardshows ynstudeare en die wolle se graach oan jim sjen litte. Se kinne op dizze manier ek leare om foar in grut publiek te spylje. Derom is der yn de sporthal in “try out” en dizze fynt plak op snein 12 jannewaris en start om 18.30. Seal is iepen om 18.15, De tagong is fergees