Installatiebedrijf De Jong docht mei oan wenmerk Littenseradiel

Naamloos1

Fan sneon 15 febrewaris oant sneon 15 maart 2014 is yn Fryslân in ‘Woonoffensief’. Op sneon 15 febrewaris binne de doarren fan it gemeentehûs fan Wommels iepen. Op in mienskiplike wenmerk (woningmarkt) kinne jo ynformaasje krije oer alles wat mei it keapjen, bouwen of ferbouwen fan in hûs te krijen hat. Dêrneist is it iepen-hûzedei yn de folsleine provinsje en kinne jo tûzenen wenten yn de priisklasse oant 200.000 euro in besite bringe.

By de wenmerk yn it gemeentehûs is der in breed palet oan bedriuwen mei ynformaasje, bygelyks oer de oankeap en ferbou fan in eigen wente. De gemeente sil in oersjoch jaan fan regelingen en subsydzjes dy’t dêr foar beskikber binne. Ek is der ynfo oer it besparjen fan enerzjy, sinnepanielen, finansjeel advys of de ynrjochting fan in hûs. It doel is om op 1 plak alle ynformaasje by inoar te hawwen. Alle dielnimmers hawwe – neist in tal foardielen dy’t de provinsje oanbiedt – in spesjaal oanbod foar de besikers.
Ut Easterein wei docht Installatiebedrijf  De Jong mei.

Sjoch foar mear ynformaasje ek op de site fan de gemeente.