– ynstjoerd troch de fûgelwacht Easterein –
It bûn fan Fryske Fûgelwachten organisearret alle jierren in neisoarchdei. Dit betsjut dat de neisoargers der manmachtich op út gean om de greidefûgels te beskermjen. By ús wacht is der de mooglikheid foar jong en âld – lid as net – om mei it fjild yn te gean. Net allinnich geane we dan nije nêsten opsykjen, we litte ek sjen wat der allegearre foar nêsten fûn binne en krije jimme in goed byld fan de greidefûgels, biotopen en ‘yn it fjild wêze’ rûnom Easterein.
We sammelje om 18.30 oere op it parkearterrein bij restaurant Noflik. Komst ek?