Nasjonale mûnedei

Sneon 10 en snein 11 maaie is it wer nasjonale mûnedei. Yn dit weekein draaie hast alle mûnen fan Nederlân. Ek de mûne fan Easterein docht hjir oan mei en sil nei alle gedachten mear as 24 oeren aktief wèze. Op de nasjonale mûnedei kin jim yn de kunde komme mei de mûner en kinne jim ûntdekke hoe at de mûne wurket. Mear info oer dizze Rispensmûne kinne jim hjir fine.

Molen Rispens is iepene op sneon 10 maaie fan 10.00 oant 17.00 oere. Jûns en nachts sil de mûne yn de skynwerpers stean en dan is de mûne ek yn bedriuw. Elkenien is wolkom!