Easterein is in lyts bytsje fertsjinwurdige op de Schuttevarrace. Durk Jorrit van der Eems sil mei syn syljacht “SA BETTER” as skipper meidwaan oan dizze swiere tocht fan 3 dagen. Mei syn team fan: syler 1, Rene Krijnsen, siler 2, Koen Vreeling, fietser Marcel Boonstra en draver, Tsjeard Hofstra sille se fan Starum nei Koarnwerdersân syle en dèr de waadsee op nei Texel. Op texel sil troch Marcel in tiidrit riden wurde fan 60 km. At Marcel wer werom is gean se op nei Flylân. Der moat Tsjeard 18 km drave. Dan op nei Harns wèr Marcel in twadde tiidrit ride moat fan 69 km. Fan Harns nei Skylge foar in twadde looptraject fan 12 km. Fan Skylge fia Koarnwerdersàn wer nei Starum om der te finishen. Mear info oer dizze race kinne jim HJIR fine.