De doarpsfeesten steane foar de doar! Op woansdeitejûn starte we mei ús optocht. Op tongersdei binne der folle sportyve aktiviteiten en jûns nochris de optocht. De keatslisten hinge wy op woansdeitejûn nei de optocht yn’ e tinte. Bist benijd mei wa asto keatsen giest? Kom efkes sjen op it boerd! Op woansdeitejûn kinsto ek in foarpriuwke – in pear drankjes – dwaan yn ‘e tinte.
Wisten jo dat… de foto’s fan Keningsdei op www.oranjeenheitelan.nl yn in fotoargyf steane? Ek de foto’s fan dizze feesten steane der de wyks nei de feesten op!
Groetnis Oranje & Heitelân.