It is de lêste tiid in soad yn it nijs west: de ebola yn Sierra Leone. Ut û.o. Nederlân wei binne der laboratoariumkontainers nei Siërra Leone stjoerd om dêr te brûken foar snelle moderne testen yn de ebola diagnostyk.
Spitigernôch binne der yn Sierra Leone gjin minsken mei dy kennis en feardichheden. Annemieke Dinkla – ynwenster fan Easterein – hat dy kennis wol. Annemieke wennet yn de âlde Rabobank op de Fabrykswei en wurket foar it Veterinair Instituut yn Lelystêd. Dêr krigen alle BSL3 laboranten in oprop om foar 5 wike nei Sierra Leone te gean, mei yn it foarôf trainingen. Annemieke sit dus no yn Sierra Leone, District Kono yn Koidu, en wurket mei oan de ûndersiken nei ebola.
Binne jimme ek nijsgjirrich nei har ferhalen? Jimme kinne Annemieke folgje en de ferhalen lêze op miekus.wordpress.com.
As Annemieke werom is, komt der fansels ek in ynterview mei har yn de doarpskrante.