6 Eastereinder froulju op de PC

Kommende woansdei wurd yn Weidum foar de 39 x de froulju’s PC ferkeatst. Foar de dames is dit ien fan de wichtichste wedstriden fan it seizoen. Tige moai is it dat der dit jier mar leafst 6 Eastereinder froulju op dizze PC stean, keatsend yn 4 partoer. Sietske Okkema en Jelien Pompstra keatse mei Sandra Hofstra fan Wjelsrijp, Marije Hiemstra en Martine Tiemersma keatse mei Sjanet Wijnia fan Wommels, Imke v/d/ Leest keatst mei Anne Monfils fan Kimswerd en Renske Terwischa van Scheltinga fan Wieuwert en Tineke Dijkstra keatst mei Esther Wagenaar en Annelien Boersma. De loting is moandeitejûn 20.00 oere yn Weidum. Alle dames in protte sukses kommende woansdei