Doarpskrantsje Easterein wint priis bêste Frysktalige doarpssjoernalistyk 2015

OIMG_5443p de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel hat boargemaster Johanneke Liemburg hjoed in priis fan €250,00 útrikt oan de redaksje fan ‘It Doarpskrantsje’ út Easterein foar de bêste Frysktalige bydrage oan de ‘doarpssjoernalistyk’ yn 2015. De twadde priis gong nei de Baarder Kat út Baard en De Hiele Toer fan Jorwert wûn de tredde priis. De priis foar Easterein wie foar it stik ‘It earste aai’ en is skreaun troch Gerben en Hedwich Kooistra. Lokwinske redaksje, Gerben en Hedwich!

Sjueryrapport

De karkommisje (sjuery) fûn it in prachtich en oprjocht stik oer in famke wat mei in bytsje help fan heit it earste ljipaai fan de legere skoalle fynt. Heit kin himsels en syn senuwen amper de baas as syn dochter it aai ynearsten mar net fine kin. Fan heit syn ferslach dript de spanning ôf, sa seit it sjueryrapport.

Nijjierstaspraak

Fierdersoan helle boargemaster Liemburg û.o. ek Easterein oan yn har nijjierstaspraak. “….Miskien jildt dat ek wol foar Easterein dat him net liene litten hat foar stimmingmakkerij nei oanlieding fan ús beslút om de sporthal beskikber te stellen foar krisisneedopfang fan twa kear 72 oeren. Tank dêrfoar. …..”