Op de website fan Súdwest Fryslân ferskynde koartlyn in berjocht dat it in foarstel fan it kolleezje fan B&W wie oan de ried om it fytspaad by de Boalserter Feart del op te romjen. Doarpsbelang Burgwerd en oaren binne doe yn aksje kommen en hawwe in petysje op tou set foar it behâld fan it fytspaad.
Brieven en petysje oant no ta
Rom 225 minsken hawwe persoanlik harren brief foar de riedsleden al by Doarpsbelang Burgwerd brocht. Doarpsbelang Burgwerd is dêr hiel wiis mei. Dêrneist is der in digitale petysje makke en ek dêr hawwe yntusken mear as 280 minsken de petysje ûndertekene. It wie de bedoeling om de brieven op 5 jannewaris oan de riedsleden fan de kommisje DSO (Doarp Stêd en Omkriten) fan Súdwest Fryslân te oerlangjen, mar dy gearkomste is ferset nei 12 jannewaris. Dan wurde de brieven en online petysje oanbean. It fytspaad wurdt behannele yn de gearkomste DSO fan 9 febrewaris 2016.
Petysje tekenje
Fansels binne der ek Eastereiners dy’t dat fytspaad in soad of miskien mar somtiden brûke. Ek jimme kinne de petysje tekenje fia: www.petities24.com/behoud_fietspad_burgwerd_-_bolsward. Jimme kinne ek de brief downloade fia www.burgwerd.info.