De Fryske Ferhalewedstryd fan Omrop Fryslân, It Skriuwersboun, it Friesch Dagblad en Cedin komt der oan! En dit kear is der sels in junioredysje foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier.
Hâldsto fan skriuwen en soesto ‘de fijne kneepjes’ fan in koart ferhaal skriuwe (noch better) leare wolle? Der wurde yn Wommels op moandei 8 febrewaris twa wurkwinkels oanbean!
Middeis op it Bogerman in wurkwinkel foar jongerein fan Lida Dijkstra. Jûns om 20.00 oere foar âlders en oare leafhawwers yn It Reade Hynder. Dy wurkwinkel sil jûn wurde troch skriuwer en Gysbert Japicxpriiswinner Koos Tiemersma.
Ast nei de workshop entûsjast wurden bist, dan kinst dyn ferhaal foar 1 maart ynstjoere om diel te nimmen oan de Fryske Ferhalewedstryd. Sa makkest kâns op geweldige prizen èn kâns op in ferfilming fan dyn ferhaal… Regisseur Bart Kingma sil lykas ferline jier it winnende ferhaal ferfilmje.
Yntree is €5,- ynklusyf kofje/tee. Opjaan? Mail nei: bestjoer@skriuwersboun.nl
Wa wit oant dan!