Midwinterkonsert yn Noflik Easterein

– ynstjoerd troch Wilhelmina Easterein –

midwinterwebOp snein 7 febrewaris o.s. om 15.30 oere hâldt Fanfare ‘Wilhelmina’ te Easterein, û.l.f. Pieter Bosma mei it jeugdkorps ‘de Wilhelmini’s’ û.l.f. Joke Krist, in gesellich Midwinterkonsert.

It jeugdkorps, wat yn septimber foarich jier úteinsetten is, wol tidens dit konsert graach hearre litte wat se sa al meielkoar spylje kinne.

Fanfare Wilhelmina hat tige ôfwikseljende, fleurige musyk op it programma stean!

Koartsein: it wurdt in konsert  foar jong en âld yn winterske sfear mei in gleske glühwein of waarme poeiermolke.

Tagong fergees. Der is in kollekte by de de útgong.

Allegear tige wolkom!

As der minsken binne dy’t graach hjir hinne wolle mar der sels net komme kinne….? Ien telefoantsje en we helje jo/jimme op. Tel. 332300.