Wilhelmina Nederlânsk kampioen

Wilhemina Easterein is sneontemiddei Nederlânsk kampioen wurden op it iepen Nederlânsk fanfare kampioenskip yn Drachten. Yn de 2de defysje kamen 6 fanfares ut dy’t elke it stik fan Philip Spark mei      ” Variations on a Scale”  spylje moasten. De jury beleanne Wilhelmina mei 91.33 punten en dermei lieten se de nummer 2, Constantia fan Menaam 88 punten, fier efter harren.