Noch 2 dagen en dan is it safier. Nei moannen fan oefenje en tarieding kinne we sneon los. In handsjefol toppers sil dizze tocht oer 42 km fan Easterbierrum nei Raerd drafe. Dernest binne der sán 90 Eastereinders dy’t de tocht rinne sille en binne der in 100-tal minsken dy’t meiwurkje yn de foarm fan toniel spylje, muziek meitsje, ferkear regelje, Iten en drinken ferkeapje ensh. In spesjale kommisje is dwaande om it dykflak by de Gouden Ingel gesellich oan te klaaien. De muoite wurch foar de oare Eastereiners om dér efkes te sjen. We winskje alle Eastereiner drafers, rinners ensh. in protte sukses ta.