De oanlis fan it keunstgérsfjild op de Skoalleseize leit aardich op skema. De toplaag is der ôfskrabe en leit no yn Deinum. De nije drainaazjebuizen wurde no om de 4 meter dellein en komme út op saneamde kontroleputsjes, Dan komt der in lavafundearing op te lizzen. At dizze laach goed útflakt is komt der in prefap schock pad op. in soart elastische únderlaach. Dernei wurd it keunstgérs plaatst en de wite linen der ynkleeft. Ein augustus wurde de earste wedstriden fan SDS der op spile.