Bysûndere mini-bibleteek yn Easterein

boekenkast1Sûnt koart stiet der yn Easterein in boekeruil- en lienkast. Elkenien dy’t dat wol mei der boeken, tydskriften of dvd’s út liene, ruilje of oan jaan. It kastje is in idee fan Greet Bouma en waard mei in soad nocht en willen ûntfongen op de Eastereiner Facebookgroep. Efkes letter stie er der al. Lokaasje is it likestalt op de Tsjerkebuorren. Dogge jim ek mei?