Wichtige keatspartijen foar jonges en famkes

Op sneon 6 augustus en woansdei 10 augustus binne de wichtigste keatspartijen foar de kategorie jonges en famkes. Sneon moatte de famkes oan de bak yn Hitsum op de Ald Meijerspartij. Dizze partij wurd ek wol de Freule foar de famkes neamt en wurd no foar de 17 x ferkeatst. Foar Easterein sille Jeska Terpstra, Selma de Boer en Mirjam Punter útkomme. Woansdei komme Kees van der Horst, Rutger Wiersma en Bauke Reijnhoudt út foar Easterein op de Freule yn Wommels. De lotting foar dizze dei is sneontejûn yn it Reade Hynder