Freed 25 novimber 2016 waard alwer de 7e edysje spile fan it Littenseradiel Kultureel Bedriuwen Follybal Toernoai. Takom jier kinne we yn elk gefal noch ien kear ûnder dizze evenemintennamme fierder want op 1-1-2018 giet gemeente Littenseradiel oer nei de oare gemeenten om ús hinne.
Op dizze edysje alwer 18 teams yn it spier op in sportive en gesellige jûn op de nije sportflier fan sporthal de Greidhoeke yn Easterein. It toernoai waard mei mooglik makke troch Gemeente Littenseradiel en Rabobank Sneek-ZuidwestFriesland.
Yn de haadklasse wûn de Rabobank de priis en wûnen de moaie kadopakketten, oanbean troch Jumbo Supermarkten – Wommels. Op it 2e plak KF Easterein dy’t nei in spannende striid krekt ferlear fan de Rabobank mei 6 punten ferskil. Yn dizze klasse twa nije dielnimmers oan it toernoai, tennisferiening Smash en Berneopfang & Feestfertier. De oanmoedigingspriis gie nei Berneopfang & Feestfertier. Se hiene 0 punten, mar kamen prachtich oanklaaid yn it fjild!
De priis yn de middenklasse gie nei Gebroeders Vellinga dy’t net aardich lingte hiene, mar ek follybaljend talinten yn it team hiene. Hja krigen de itensbonnen, oanbean troch it Reade Hynder, Wommels. De striid om it 1e plak wie noch tige spannend. Yn de ûnderlinge wedstriid waard konkurrint Couperus Hydrauliek mar krekt ferslein mei 2 punten ferskil.
Yn de rekreaasjeklasse hiene we 2 ôfsizzingen en moasten we tige hastich sykje nei ferfangers. Rekreaasje Easterein kaam mei in moai team del (mei 2 heiten en 2 dochters) en BerJeuA wie in miks fan Bergstra’s mei talinten fan de famkes A. En lit de striid om de priis no krekt tusken dizze beide teams gean! Rekreaasje Easterein ferlear de ûnderlinge striid mei 24-12 en hie toch dat BerJeuA de lêste wedstriid wol winne soe. Mar Jumbo 2 liet har sjen en winne mei 24-19. Uteinlik hier BerJeuA 8 punten en +55 setpunten en mei út iten nei Noflik Easterein. Rekreaasje Easterein, 8 punten en +47. It entûsjaste team fan Boubedriuw Bootsma Turns 2 hie 0 punten en de measte tsjinpunten, mar de wille wie der net minder om!
De priisútrikking waard fersoarge troch foarsitter en grutte animator fan it toernoai, Meinte Bergstra en Berend Bosgra. De prizen (mar net de grutte wikselbekers) waarden útrikke en mei de olympyske gedachte ‘meidwaan is wichtiger as winne’ waard der noch gesellich neipetearje en koe men har tegoed dwaan oan de hapkes, oanbean troch Titus Bergsma fan Kantine sporthal de Greidhoeke! Oant 2017! We hoopje dan mear teams út oare plakken fan de Gemeente ek wolkom te hjitten op dit bjusterbaarlik sportyf barren.