Nijjiersresepsje vv SDS op 7 jannewaris

Sa as alle oare jierren wurdt it nije jier by SDS iepene mei in nijjiersresepsje. Normaal sprutsen wurd hjirby de snertrin organisearre. De animo hjir foar sakke de lêste jierren, dus is der no wat oars betocht. Dit kear hâlde wy op sneon 7 jannewaris in nijjiersresepsje mei in mikstoernoai 7-tsjin7 foar alle fuotballers en fuotballeafhawwers út Easterein en omjouwing. Fanôf in oere of 13.00 oere meie de senioren fan it 1e, 2e, 3e, 4e, de A’s en B’s, de VR en de Efkes Ballers (sawol manlju as froulju), mar ek âld-SDS’ers of supporters stride mei en tsjin elkoar om prachtige prizen.

Supporters binne fansels ek fan herte wolkom!

Foar lju dy ’t leaver wat oars dogge is der in klaverjastoernoai of je kinne fanút de kantine in eintsje te rinnen.

Ien en oar sil ôfslúten wurde mei muzyk fan Sipke de Boer ûnder it genot fan in hapke en in snapke!
Afbeeldingsresultaat voor klaverjassen sds

Foar elts wat tochten wy sa en as wy no allegear meidogge dan kin it in alderaardichste dei wurde!

Graach opjaan foar it klaverjassen en fuotbaljen foar 27 desimber!
Dit kin fia info@vv-sds.nl of by ien fan de aktiviteitenkommisje;
Gerry-Edou Mollema, Hester Kingma, Jacob-Klaas Haitsma, Elger Turksma, Jesse van der Weide of Allert Turksma.

Oant 7 jannewaris!!

(BRON: vv SDS.nl)