Fjoerwurkshow fan de âldjiersploech op de Sjaardaleane

De âldjiersploech fan Easterein sil dit jier de tradysje in bytsje ferbrekke. De fjoerwurkshow is net op de brége mar sil te besjen wéze foar it publiek op de Sjaardaleane. De âldjiersploech sil de megaknetter fjoerwurkshow om 01.00 oere ôfstekke yn it lân fan mts. Kuiper. In tradysje dy’t blieuwt is de mûtse wér eltsenien in bydrage in dwaan kin om de show te betelje.  Nei de fjoerwurkshow is der in afterparty yn de Tsjerne. By moai waar wurde der bûten wat stooktûnen oanstutsen om dér gesellich omhinne in bierke te drinken.