De diakonie fan de PKN Easterein is dwaande mei in doppen ynsammelingsaksje foar de KNGF geleidehûnen. De opbrings fan dizze aksje komt ten goede oan de oplieding fan dizze hûnen.
Der wurde allinich doppen fan hurd plastik sammele. Tink oan doppen as deksels fan:
Mineraal- as spuitwetter, frisdrankflessen, molke- as breipakken, fruitsappakken, sportdrank, wasmiddelen, sjippe- en sjampoflessen, deo-en spuitbussen, slagrjeambussen, nútsjesmoar- en sjûkelarjepotten.
At deksels makkelik te bûgen binne, wurde dizze net sammele. Dit fersteurd en fersmoarget it recycleproces.
De doppen moatte frij wéze fan oare materialen. Dér mei gjin karton, rubber as oar materiaal oan fést sitte. De doppen moatte skjin wéze oars begjinne se te skimmelje en te stjonken.
Dér stiet in doaze by de yngong fan tsjerke wér jim de doppen yngoaie kinne. Ha jim tefolle doppen en wolle jim se wol kwyt dan kinne jim ek kontakt opnimme mei d.joustra@ziggo.nl