Op sneon 11 febrewaris om 20.00 oere is dér in unyk dûbbelkonsert by Noflik Easterein. Fanfare Wilhelmina en Brassband Greidebrass sille dan ûnder lieding fan de dirigenten Pieter Bosma en Marco Middelberg, op ien podium stean. It bysûndere fan dit duo konsert is dat beide orkesten op it podium ôfwisselen apart en meiinoar spylje. It idee fan it konsert is dat der in musikale striid útbylde wurd tusken brassband en fanfare. Se fyne elkoars muzyk mar neat. Geandewei it konsert komme de muzykanten dér ien foar ien efter dat it hielendal noch net sa gek is wat de oare docht. Eintsjebeslût is dér in prachtige gearwurking tusken beide kampen.
Tagong is fergees. Der is in ferlotting yn it skoft.
Waar? Bij Noflik Easterein, Sibadaweg 2 Easterein
Datum: 11 februari 2017
Aanvang: 20:00 start concert
Entree: gratis, verloting in de pauze
(mear info: www.wilhelminaeasterein.nl)