Justerjûn is op de ledegearkomst fan oranjeferiening Oranje en Heitelân nei stimmerij ôfskied nommen fan de woansdeitejûn as feestjûn. Mei 27 stimmen foar ôfskaffing, 14 tsjin en 2 blanco wie it wol dúdlik dat de leden fan de woansdeitejûn ôf wûne. De feesten begjinne no op 22 juny mei de optocht, dernei keatse, foljebal en klaverjassen. Middeis muziek fan “it takes two” en jûns fan Boulevard. Freeds matinee mei “it dak eraf” en jûns live music fan “de kofferband”
Bestjoerlijk is dér ôfskied nommen fan Gea van Dijk en Marco Reijnhoudt. Dizze toppers kinne no yn it rychje fan âld bestjoersleden. Nij yn it bestjoer binne Hieke van der Ploeg en Christiaan Hoekstra.
Om de begrutting foar de takomst slútend te hâlden komt der €0,25 by de konsumpsjes op.