Tige tank allegear!

Op 4 febrewaris is de musical ‘Heksen’ opfierd troch 21 jongereinspilers fan Fuort mar los út Easterein en Itens. It wie in grut sukses: de seal wie útferkocht! De jongereinspilers fan Fuort mar los wolle elkenien dy ’t dizze musical mei mooglik makke hat tige tankje: de jongereinkommisje, de sponsors, de m
annen fan lûd en ljocht, de sminksters en alle oare – it wienen der in hiel soad – meiwurkers!

Takommend jier binne we der wer mei in nije foarstelling. By dizzen binne jo fan herte útnoege!

 

 

Wolsto ek meidwaan oan it jongereintoaniel? As wolsto earst mear witte oer toanielspyljen by Jongereintoaniel Fuort mar los? Stjoer dan in mail nei Akke Veldman fia   akke.veldman@ziggo.nl.

Elkenien dy’t yn septimber 2017 tusken de 11 en 19 jier âld is, kin him / har opjaan. Doch dit wol sa gau mooglik, om ’t it oantal jongereinspilers dat meidwaan kin beheind is. De kontribúsje foar it jongereintoaniel is €15,00. De repetysjes binne op woansdei fan 18:30 – 20:00 yn Noflik Easterein. De repetysjes begjinne yn
septimber.